Iepenloftspul ‘Ea komt it wetter’

Iepenloftspul ‘Ea komt it wetter’

Wo 09/09 - Eastermar

De Komerk

20:00 - 22:30


It is hast safier. Oan ‘e Lits, tusken Mar en Leien spilet Iepenloftspul Eastermar yn septimber it sels skreaune ‘Ea komt it wetter’. Op dizze prachtige lokaasje by it doarp binne fiif foarstellingen. De premjêre op njoggen septimber is al útferkocht. 

It ferhaal
It stik spilet him ôf yn 2036. Hat de technyk in sprong makke of is der eins neat feroare? 
In lytse mienskip bestiet op dat stuit noch mar út twa groepen. De wetterhûnen en de drûchkloaten. 
Elk sit fêst yn eigen gelyk. De wetterhûnen binne der wis fan dat der in ramp driget. De drûchkloaten fine dat allegearre mar ûnnoazele optinksels. 
As Germ syn dochter Richt oerstapt nei it oare ‘kamp’ is dat de start fan in hiel o heden.
Likegoed giet it deistige libben troch en bart der fan alles. Wêrom komt skûtsjeskipper Watse del en wat wichtige rol hat rollator Maaike? Hoe rint it ôf mei Richt? Allegear nuveraardige foarfallen der ‘t je miskien oer neitinke kinne, om laitsje moatte of in trientsje litte…
Eastermar hat twa skûtsjes. Mooglik is der in wichtige rol foar harren weilein?

Spilersgroep en begelieding
Skriptkapitein Rienk Vlieger hat yn febrewaris it skript oerhandige oan regisseur, akteur en teaterdosint  Sjoerd Blom. Hy koe los mei syn motivearre ploech spilers en byldspilers yn ’e leeftyd fan 12 oant 70 jier .
Joeke Hoekstra hat de muzikale lieding. Joeke is in alsidich musikus en as dirigint ûnder oaren bekend fan de musicals Mary Poppins en Frozen. Beide binne âld Eastermarders. Sjongers en muzikanten komme krekt as de spilers ek meast út Eastermar. 

Iepenloftspul 'Ea komt it wetter' is in meinimmend en minsklik ferhaal fol ferwûndering, skûtsjes, faasje en fariaasje, humor en tinzen. Yn septimber 2026 kin men in ûnferjitlike jûn meimeitsje mei 'Ea komt it wetter' yn Eastermar! De foarstellingen binne op 9, 11, 12, 15 en 18 septimber 2026. 
Ynformaasje en kaarten op: www.iepenloftspuleastermar.nl

Terug